Warkumer oppakt yn Zwolle

07 jul 2013 - 10:18

De plysje hat sneontemiddei yn Zwolle in 29-jierrige man út Warkum oanhâlden, omdat er belutsen wie by in fjochtpartij. Njonken de Warkumer waarden ek noch in 20-jierrige frou en in 25-jierrige man út Zwolle oanhâlden.

Wêrom't de trije spul mei elkoar hiene, is noch net dúdlik. Mar de plysje giet der wol fanút dat se elkoar mei hockeysticks en in hammer te liif gien binne. Der rekke net ien ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)