Warkumer mei boksbûgel oppakt

29 sep 2011 - 10:27

In jonge fan 17 jier út Warkum is woansdeitejûn yn syn wenplak oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De jonge wie belutsen by in rûzje tusken in groep Warkumer jongeren en in groep Dútske bern dy't oan board fan in sjarterskip oan de Doltewâl ferbleau.

Doe't de plysje derby kaam om de rûzje del te bêdzjen, joech de groep Warkumers him ôf en liet de jonge in boksbûgel falle. De jonge moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)