Warkumer ferwûne by botsing yn Snits

23 sep 2015 - 13:38

Yn Snits is tiisdei in 85-jierrige man út Warkum ferwûne rekke by in ûngelok. Hy botste op de Bolswarderbaan mei syn auto op de auto fan in 26-jierrige frou út Frankryk. De Warkumer moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. It die bliken dat er gjin foarrang ferliend hie oan de Frânske bestjoerster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)