Warkum leit fol skippen foar Strontrace

18 okt 2015 - 16:57
  • Coby Jenninga, Simon van Hemert, Wouter van der Schaaf en Peter van der Schaaf.

De Strontrace yn Warkum is tradisjoneel yn de hjerstfakânsje. De measte dielnimmende skippen leine snein al yn de haven fan Warkum. Moandei moatte de skippen mei keunstdong fan Warkum nei Warmond yn Noard-Hollân sile en dêrnei sa fluch as mooglik wer werom. Fansels telt de winst, mar foar de measte dielnimmers is meidwaan belangriker.

De float bestiet fral út skûtsjes en tsjalken en foar de wedstriid meie se gjin motor brûke. De wedstriid wurdt al sûnt 1974 hâlden. Warkumer Reid de Jong hat it ea betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)