Warkum dit jier mei eigen skûtsje yn de IFKS

20 jan 2016 - 10:43

Warkum docht dit jier mei in eigen skûtsje mei oan de IFKS. Skipper Wietse Bandstra hat ferline jier it skûtsje Redbad oernaam fan Willem Timmer út Snits. Bandstra fart al fiif jier as IFKS-skipper, mar dan mei in hierd skip.

Hy hat foar Warkum keazen om't syn kompanjon Tonko Hofman dêr wennet. De bemanning fan de Redbad sil de kommende tiid op syk nei sponsoaren yn Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)