Warkum bliid mei nije skoalle

04 maaie 2011 - 15:59
  • It âlde gebou fan de Ludgerusskoalle

Foarsitter Sander Bouma fan de âlderkommisje fan de Sint Ludgerusskoalle yn Warkum moat even oan it idee wenne. Nei jierren wachtsjen wurdt der nijbou fan de skoalle oankundige op sportkompleks De Rolpeal. It is ûnderdiel fan it plan om dêr in brede skoalle del te setten.

Tiisdei makke ferantwurdlik wethâlder Ekhart bekend dat dêr oerienstimming oer is. Alles komt op ien fan de sportfjilden te stean. Ien fan de oare fjilden wurdt in keunstgersfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)