A-ware Food Group krijt keninklik predikaat

04 mrt 2015 - 21:41

A-ware Food Group hat woansdei it predikaat 'keninklik' krigen. Dêrmei feroaret ek de namme fan it bedriuw, dat ferline jier in grutte suvelfabryk iepene op It Hearrenfean, yn Royal A-ware.

It fan oarsprong famyljebedriuw krige it predikaat útrikt troch de kommissaris fan de Kening yn Gelderlân. A-ware bestiet no 125 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)