A-Ware en FrieslandCampina hawwe mear tsiis op foarried

06 aug 2015 - 13:32
  • Tsiispakhûs Aware op It Hearrenfean

De tsiispakhuzen fan Aware op it Hearrenfean en fan FrieslandCampina sitte foller as oars. Dit is ûnder oaren it gefolch fan de boykot fan Ruslân. Ek Sina nimt folle minder molkprodukten ôf, wêrtroch wrâldwiid de druk op de merke fielber is.

Neffens FrieslandCampina, mei pakhuzen yn ûnder oaren Workum en Gerkeskleaster, is dit net de iennige reden fan it oerskot fan suvelprodukten. De fakânsjeperioade hat neffens it bedriuw ek grutte ynfloed op de balâns tusken fraach en oanbod.

In wurdfierder fan FrieslandCampina seit dat it yn dizze tiid fan it jier altyd wat rêstiger is. ,,Mar it is net sa dat we de tsiis nearne mear dellizze kinne."

De suvelgiganten meitsje harren oant no ta noch gjin soargen. ,,As de fraach wer in lyts bytsje oanlûkt, is it sa wer goed."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)