Wapensamler ûntkent gefaar

19 maaie 2011 - 13:54
  • Foto's: Omrop Fryslân

Wapensamler Teake Visser út Dokkum sleept de plysje foar de rjochter. De plysje seit dat se by him gefaarlike wapens fûn hawwe dy't yn beslach naam wurde moasten. Dêr soe ûnder oare in mortiergranaat mei ûntstekking by sitte. De EOD soe it guod ta ûntploffing brocht hawwe.

Mar Visser is der absolút wis fan dat er gjin gefaarlike wapens yn 'e hûs hân hat. Hy wol jild sjen foar de emosjonele skea dy't hy en syn gesin troch de plysje-aksje oprûn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)