Wapens yn Twizel fûn

11 sep 2013 - 16:33
  • Plysjejas

In 59-jierrige ynwenner fan Twizel is tiisdei oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De man hie in alarmpistoal en in pistoalmitrailleur mei munysje yn syn hûs lizzen. De plysje kaam de wapens op it spoar trochdat in lanlike opspoaringstsjinst yn de wenning fan de man dwaande wie mei in ûndersyk. De fertochte is nei de fynst fan de wapens oerbrocht nei it plysjeburo en hy moat meikoarten foar de rjochter komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)