Wapens yn beslach naam yn Snits

28 jul 2001 - 00:00

Op de IJlsterkade yn Snits binne freedtemoarn twa manlju oanhâlden omdat se wapens by har hienen. Ien fan de mannen, in 19-jierrige Jouster, hie in tal messen en in pistoal yn de auto lizzen.

De oare man, in 26-jierrige Snitser, hie in stiletto by him. De wapens binne troch de plysje yn beslach naam. De beide manlju hawwe in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)