Wapens en harddrugs yn Snits

18 sep 2012 - 10:56
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

Yn in wenning yn Snits binne moandeitemoarn in fjoerwapen, munysje en in foarried harddrugs fûn. De plysje hie ynformaasje krige dat in 21-jierrige man út Snits mooglik in fjoerwapen yn besit hawwe soe.

It hús fan de man is trochsocht en it wapen en de drugs binne yn beslach naam. De man út Snits is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)