Wapenfergunnings ynlutsen

28 nov 2011 - 09:58
  • Tsjinstwapen plysje

Yn Fryslân binne nei de sjitterij yn Alphen aan den Rijn tolve wapenfergunnings ynlutsen. De plysje hat by 1066 minsken thús west om de wapens te kontrolearjen. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS by 25 plysjekorpsen. Yn Fryslân is ien fergunning ynlutsen nei in ekstra kontrôle.

Nei de sjitterij yn in winkelsintrum yn Alphen binne alle 70.000 wapenfergunnings yn Nederlân opnij tsjin it ljocht hâlden. Regionaal binne der wol grutte ferskillen. Yn Twente binne bygelyks mar fjirtich húsbesites ôflein. Yn Grinslân en Drente hat de plysje wol sawat likefolle kontrolearre as yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)