Wapene oerfal yn Ljouwert

12 mrt 2010 - 09:02

Der hat tongersdeitejûn in wapene oerfal west op in winkel oan de Bilgaardpassaazje yn Ljouwert. Tsjin slutingstiid om njoggen oere waard it winkelpersoniel bedrige mei nei alle gedachten in fjoerwapen. De dieder is mei in jildbedrach útnaaid.

Der is fuortendaliks in boargernetaksje opsetten ûnder goed twatûzen minsken. Dat hat neat opsmiten. In grutte sykaksje fan de plysje hie ek gjin sukses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)