Wapene oerfal yn Elslo

21 maaie 2009 - 11:02
  • De plysje nimt de saak heech op

In gesin is woansdei troch fjouwer manlju thús oerfallen yn Elslo. De heit, mem en dochter waarden bedrige mei in fjoerwapen en fêstbûn mei tape.

De man, bedriuwslieder yn Drachten, kaam jûns om alve oere hinne thús. Doe't er de doar iependie, waard er oerfallen. Hy krige klappen en waard fêstbûn mei tape. Syn frou en dochter waarden ek fêstbûn. De oerfallers binne mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid. De bewenners hawwe doe't se wer los wiene, de plysje belle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)