Wapene oerfal yn Drachten

20 feb 2014 - 19:06

Tongersdeitemiddei hat der in wapene oerfal west op in juwelier yn Drachten. Twa mannen kamen om in oere as fiif de winkel oan de Noorderbuert yn en bedrigen it personiel. It soe gean om twa blonde manlju mei in East-Europeesk uterlik. Beide manlju hiene in pet op. Se hawwe guod meinaam, mar wat krekt kin de plysje noch net sizze.

De plysje hat in boargernetaksje opsetten om de dieders te finen, mar dat hat neat opsmiten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)