Wapene oerfal Wolvegea

07 maaie 2009 - 21:02

In drogist yn de Van Harenstrjitte yn Wolvegea is tongersdeitemiddei oerfallen. De oerfaller easke jild en bedrige in meiwurkster fan de winkel mei in fjoerwapen. De oerfaller hat in behoarlik jildbedrach meinaam út de klûs.

Doe't de meiwurkster it jild jûn hie, waard se achter yn de winkel opsletten. Dêrnei is de oerfaller útnaaid. It giet om in blanke man fan sa'n 30 jier. De plysje makket gebrûk fan bewakingsbylden fan de C1000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)