Wapene oerfal Surhústerfean

18 sep 2002 - 00:00

Yn Surhústerfean hat tiisdei in wapene oerfal west op in sliterij. Twa mannen mei bivakmûtsen op rûnen nei it magazyn en bedrigen dêr de ferkeaper mei twa fjoerwapens.

De ferkeaper (29) jout de mannen inkele tûzenen euro's út de klús en dêrmei flechtsje se yn in auto. De plysje fynt de auto letter heal útbaarnd wer werom. De auto wie earder stellen yn Frjentsjer

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)