Wapene oerfal op supermerk Snits

15 des 2014 - 20:01

Der hat in wapene oerfal west op in supermerk fan Poiesz oan de Keizersmantel yn Snits. Der is net ien ferwûne rekke. De dieder is mei in ûnbekende bút útnaaid. De plysje hat in boargernetaksje opset.

Der wurdt frege út te sjen nei in blanke man fan sawat 1.80 meter. Hy hat in stoppelburd en hie in jas oan mei in pearse kapusjon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)