Wapene oerfal op pompstasjon

12 feb 2011 - 16:47
  • (foto: 112 Nederland)

Yn Boalsert is sneontemoarn in benzinestasjon oerfallen. De oerfaller kaam om in oere as healwei alven it tankstasjon oan de Stoombootkade yn en bedrige de meiwurker (23) mei in pistoal. Hy joech de maskere oerfaller jild en sigaretten.

De oerfaller is útnaaid. It giet om in blanke man fan 1.80 meter mei in heallange, griene jas oan. Hy hie in mûts op en in sjaal foar de mûle. De plysje is mei in grut ûndersyk begûn en freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)