Wapene oerfal op De Gordyk

11 maaie 2011 - 10:07

Der hat tiisdeitenacht in wapene oerfal west op in wenning oan De Leijen op De Gordyk. Dit wie om in oere as twa. De bewenners wiene op dat stuit yn de sliepkeamer en waarden neffens eigen sizzen wekker fan de hurde wyn en de rein.

Doe't de 71-jierrige man de doar fan de sliepkeamer iepen makke, stiene der twa mannen foar him dy't him bedrigen mei in wapen. De dieders naaiden dêrnei út. It is noch net dúdlik wat se meinaam ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)