Wapen sjitynsidint Dammeleane fûn yn auto

16 apr 2015 - 15:55
  • De Dammeleane waard woansdei ôfset nei it sjitynsidint

De plysje hat tongersdei it wapen fûn dat woansdei brûkt is by in sjitynsidint op de Dammeleane yn Ljouwert. It wapen waard oantroffen yn de auto dy't de plysje yn beslach naam hie.

Woansdei waard mei in wapen út in auto wei yn de loft sketten. Net ien rekke ferwûne, wol waarden der lege hulzen fûn yn de berm fan de dyk. Letter op 'e jûn koe de plysje op de Eastergrêftswâl yn Ljouwert fjouwer fertochten, trije manlju en in frou, yn in auto oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)