Wânswert wint FK sneldamjen

29 des 2004 - 16:44

Damklub Wânswert hat tiisdeitejûn yn Koarnjum ferrassend de Fryske titel pakt by it sneldamjen foar klubteams. Mei de spilers Gerlof_Kolk, Gabriël_Heerema, Teake_Kooistra en Hans_Zondervan helle Wânswert acht wedstriidpunten.

Ek titelferdigener Huzum en Frjentsjer hellen acht punten, mar hiene in leger boerdgemiddelde as Wânswert. Huzum waard twadde en Frjentsjer tredde. De Oldehove fan Ljouwert waard fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)