Waninge Staltechnyk fallyt

09 mrt 2001 - 00:00

It bedriuw Waninge Staltechnyk út De Gordyk is fallyt. Tongersdei is it fallissemint útsprutsen troch de rjochtbank yn Ljouwert. Waninge wie spesjaliseard yn de stalynrjochting by bargeen plomfeehâlderijen.

Trochdat dizze sektoaren it de lêste jierren swier ha, hat Waninge trije jier lang mei ferlies draaid. Dêrmei komt der in ein oan it bestean fan it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)