Wanhope troch fernieling auto's

07 des 2006 - 09:39

It is hast alle wiken mis yn de Maria Louisastrjitte yn Ljouwert; auto's fan bewenners wurde fernield troch anonime foarbygongers. Ofrûne sneon waarden sân auto's slim skânsearre troch twa jonges op scooters.

Bewenners fan 'e strjitte setten de auto's dêrom ek wolris yn ien fan 'e neistlizzende strjitten, mar dat mei offisjeel net. Foarhinne waard dat noch wol gedoochd troch de plysje, mar no net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)