Wammes: 'Ik moat nei Spelen'

21 jan 2012 - 09:05

De turners Epke Zonderland en Jeffrey Wammes hawwe har beiden kwalifisearre foar de Olympyske Spelen yn Londen. Der wienen oant no ta wat misferstannen oer, mar Ad Roskam fan de KNGU is dúdlik. En dat betsjut dat der yn de earste wike fan febrewaris in kar makke wurde moat tusken beide turners, want der mei mar ien nei Londen.

Jeffrey Wammes is it dêr lykwols net mei iens, omdat er fan miening is dat Epke noch gjin foarmbehâld sjen litten hat.

Dêrom hat syn advokaat in brief nei de KNGU stjoerd, wêryn't Jeffrey easket dat it bûn him binnen in wike oanwiist as dielnimmer oan de Olympyske Spelen. Sa net, dan bringt er de kwestje foar de rjochter. Roskam jout ta dat der in brief leit, mar wol net yngean op de ynhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)