Jeffrey Wammes makket neffens ûnôfhinklik advokaat Anton de Haan net in soad kâns yn syn rjochtsaak tsjin turnbûn KNGU. De turner hat in saak oanspand om't hy it der net mei iens is dat it bûn Epke Zonderland oanwiisd hat foar de Olympyske Spelen.
De Haan: 'De regels binne frij dúdlik. Der binne twa turners dy't foldien ha oan de easken. Dan wurdt der sjoen nei de medaljekânsen en dy binne yn it foardiel fan Epke Zonderland.' Zonderland moat noch wol foarmbehâld toane, mar der is gjin termyn fêststeld foar wannear't hy dat dwaan moat.
Anton de Haan is advokaat by Verdonk Advokaten op it Hearrenfean. Hy is spesjalisearre yn it sportrjocht.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.