Wammes giet de striid oan

06 mrt 2012 - 16:59

Turner Jeffrey Wammes sil de kommende tiid wer de striid mei Epke Zonderland oangean foar in ticket foar de Olympyske Spelen. De rjochter joech Wammes tiisdei gelyk yn it koart pleit dat hy oanspande tsjin turnbûn KNGU. It bûn hie Epke Zonderland al oanwiisd foar de Spelen yn London, alhoewol't dy noch gjin foarmbehâld toand hie.

Wammes hat dat wol. Beide moatte har no bewize yn in pear wedstriden dy't foarôfgean oan de Olympyske Spelen fan dizze simmer. Wammes jout himsels in goeie kâns, en ek Epke is fol betrouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)