Wâlterswâldster moat foarkomme

02 jun 2006 - 10:03

De man dy't by in ferkearskontôle yn Wâlterswâld in plysjeman delsloech, moat op 22 juny foar de rjochter ferskine. De 22-jierrige man wurdt fertocht fan mishanneling. Hy waard yn de nacht fan 15 op 16 maart yn de auto oanhâlden mei noch trije oaren. Alle manlju wiene ûnder ynfloed fan drank.

De 22-jierrige sit noch fêst. De kollega fan de delsleine plysjeman skrok sa dat er syn tsjinstwapen luts en skeat. Der rekke gjinien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)