Walter de Vries wint Lemmer

19 aug 2011 - 16:30
  • It winnende skûtsje (foto: Anne Jan de Jong, Omrop Fryslân)

Walter de Vries fan Sleat hat freed op 'e Iselmar by De Lemmer de foarlêste wedstriid fan it IFKS-skûtsjesilen wûn. De bruorren Los waarden twadde en Sieb Meijer tredde. Yn it begjin fan de wedstriid waaide it krêft 5. Der wiene trije oanfarrings om de earste tonne.

Yn it klassemint stiet Sieb Meijer no boppeoan, folge troch Henk Regts en as tredde Walter de Vries. Sneon is de lêste wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)