Wallendal ferlit Sportstêd

16 apr 2010 - 14:42
  • Tjisse Wallendal

Tjisse Wallendal giet fuort by Sportstêd Hearrenfean. Dat hat Wallendal sels yn in brief bekend makke. Wallendal hat mei-inoar acht jier lieding jûn oan it sportstêd-projekt. Dêrfoar wie er 12,5 jier yn tsjinst by Sportklup Hearrenfean.

Wallendal is net berikber foar fierder kommintaar. Yn it brief skriuwt er dat it ferlitten fan Sportstêd Hearrenfean in dreech beslút is. Mar hy tinkt dat it in goeie kar is, sjoen yntern nommen besluten oer de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)