Wallaard wint Olympia's Tour

19 maaie 2004 - 00:00

Arno Wallaard út de ploech fan Axa hat de fjirde etappe yn de amateurkoers Olympia's Tour wûn. De renner wie yn de etappe fan Surhústerfean nei Veendam oer 93 kilometer de rapste. Goed in kilometer foar de finish ûntsnapte er út it earste peloton.

Thomas Dekker fan de Rabobankploech is de nije lieder yn it algemien klassemint. Der dienen trije Friezen mei: Germ van der Burg, Sierk Jan de Haan en Sieger Haakma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)