Walfisksjongers komme nei Warkum

06 okt 2003 - 00:00

Op it ynternasjonale Shantyfestival Warkum is takom wykein in bysûnder koar te sjen. Fjouwer âldere fiskers fan it Karibyske eilân Sint Vincent: de Barouallie Whalers. Sy fisken oant yn de jierren santich op lytse walfisken en ûnder it wurk songen se shanties.

De 'Whalers' hawwe oant no ta noch mar ien kear in konsert jûn, earne yn Amearika. Stephan Kraan fan it Shantyfestival yn Warkum is dan ek tige optein dat se nei Warkum komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)