Walfiskbonke fûn by Jelsum

16 aug 2010 - 16:31
  • De opgravings by Jelsum (foto: Omrop Fryslân)

By opgravings by de terp fan Jelsum is in ûnderkaak fan in walfisk fûn. De bonke is dêr nei alle gedachten om it jier nul hinne oanspield. It gebiet om Jelsum wie doe part fan 'e Middelsee.

Archeologen fan 'e Ryksuniversiteit Grins dogge al inkelde wiken ûndersyk. Oan de hân fan 'e opgravings by Jelsum en op trije oare plakken yn Fryslân besykje sy in goed byld te krijen fan Fryslân troch de ieuwen hinne. Op 28 augustus is de opgraving iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)