Wâldwei ticht troch ûngelok

06 jul 2010 - 19:09
  • De Wâldwei waard ôfsletten (foto Anton Kappers)

Op de Wâldwei hat tiisdeitejûn in slim ûngelok west. By Hemriksein is in auto oer de kop slein en de bestjoerder is dêrby slim ferwûne rekke. De traumahelikopter hat it slachtoffer nei it UMCG brocht.

De Wâldwei hat oant 20.15 oere ticht west tusken de ôfslach Ljouwert-east en de ôfslach Garijp yn de rjochting fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)