Wâldwei skoft ticht foar ûngelok

05 mrt 2004 - 00:00

De Wâldwei wie freedtemoarn fanwegen in ûngelok twa oeren ôfsletten. Tusken Garyp en de Fonejachtbrêge rekke in lege feewein op de ferkearde helte fan de dyk en botste op twa auto's.

Ien bestjoerder moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. De oaren rekken net ferwûne. Wêrom't de feewein op de ferkearde helte fan de dyk rekke, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)