Wâldwei it wykein ôfsletten

03 maaie 2003 - 00:00

De Wâldwei is sneon en snein ôfsletten foar auto's tusken de Werpsterhoeke by Ljouwert en de Nijegeasterhoeke. Rykswettersteat fiert wurksumheden út oan de dyk. It asfalt kriget in ekstra laachje dat tefoaren komme moat dat der hieltyd wer gatten falle yn de dyk.

Ferkear fan Drachten nei Ljouwert moat omride oer Burgum. It ferkear yn de oare rjochting moat oer de A32 nei It Hearrenfean en dernei oer de A7 nei Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)