Wâldwei en Noordned wer klear

20 okt 2002 - 00:00

De Waldwei tusken Ljouwert en Drachten is sneintemiddei om twa oere wer frijjûn foar it ferkear. De wei wie freedtejûn ôfsluten fanwege reparaasje fan de winterskea. It wurk is in heale dei earder klear as it plan wie.

It treinferkear tusken Ljouwert en Dronryp hie snein te kampen mei in wikselsteuring. Sneon wie der ek al in steuring tusken Ljouwert en Deinum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)