Wâldsein krijt stipe fan ASR

08 okt 2011 - 10:04

Fersekerder ASR jout finansjele stipe oan Wâldsein by de plannen foar it kantoargebou dat leech komt te stean. ASR giet yn de rin fan oar jier fuort út Wâldsein. It ASR-kantoar beslacht 3700 kante meter yn it sintrum fan it doarp.

Pleatslik Belang wol graach âldereinwenromte en starterswenten yn it gebou. Ek de dokter en de fysioterapeut moat der ûnderdak krije. ASR jout it gebou net fergees wei, mar wol al stipe jaan by de herbestemming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)