Wâldsein hat doarren iepen

13 sep 2014 - 13:18
  • De mûne fan Wâldsein

Tûzenen monuminten yn Fryslân hawwe sneon de doarren iepen foar publyk. It doarp Wâldsein docht ek mei oan de Iepen Monumintedei. Tsjerken, skippen en mûnen binne fergees tagonklik en yn it doarp sels is fan alles te dwaan.

Ferline jier waard de iepen dei yn Wâldsein foar it earst hâlden, mar doe ferreinde it feest. Dochs kamen der doe noch 1500 besikers. Sneon wurde folle mear ferwachte. Grutte lûker is houtseachmûne De Jager dy't yn bedriuw is.

De iepenmonumintedei yn Wâldsein wurdt organisearre troch de saneamde 'Groep fan 8' en duorret oant sneontemiddei 4 oere. Mar net alle monuminten binne tagonglik. Wenten kinne dit kear net besocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)