Wâldrock giet troch!

29 maaie 2001 - 00:00

Fryslâns grutste rockfestival Wâldrock kin definityf trochgean. Dat hat de gemeente Tytsjerksteradiel besletten. De NLTO hat gjin beswier tsjin it trochgean fan Wâldrock. Fanwege it tongblierrisiko waard lang twivele oer it trochgean.

De kaartferkeap fan Wâldrock begjint direkt nei de Pinksterdagen. Mei ekstra stekken wol de organisaasje foarkomme dat besikers de greiden ynlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)