Wâldrock 2003 goed ferrûn

22 jun 2003 - 00:00

Wâldrock 2003 is rêstich ferrûn en tige slagge. 12.000 besikers besochten sneon it jierlikse metalfestival yn Burgum. Foar de earste kear yn syn skiednis wie it festival útferkocht.

Mooglik wurdt Wâldrock takom jier noch grutter. It grutte besikerstal hat net soarge foar ekstra oerlêst op it festivalterrein. Wol soarge de tastream fan besikers sneontemiddei foar in flinke file by Burgum. Grutte topper wie dit jier de band Iron Maiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)