Wâldrock '04 goed ferrûn

20 jun 2004 - 00:00

De 16e edysje fan Wâldrock sit der wer op. Yn totaal wiene der 8500 kaartsjes ferkocht. De sfear wie sneon tige goed op it festival by Burgum, ek al wie it út en troch wat reinich. It metalfestival waard iepene troch de Fryske band Mortuary IOD.

Op grut skerm wie de fuotbalwedstriid Nederlân-Tsjechië te sjen. De ôfsluting wie fan Cradle of Filth. De band út Ingelân hie in ferrassingsact mei steltrinners en in akrobate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)