Wâldhúskeprojekt by Damwâld

28 jan 2004 - 00:00

De gemeente Dantumadiel en de stifting Doarpsherstel wolle op it terrein fan Botniahiem yn Damwâld trije âlde wâldhúskes en in sûkereifabryk opnij opbouwe. Der wurdt al in skoft wurke oan it saneamde Wâldhúskeprojekt.

No't in lokaasje fûn is foar de húskes en it fabryk, wurdt socht nei jild om it projekt te finansieren. De stifting doarpsherstel hopet op subsydzjes fan gemeente en provinsje. Foar omwenners fan Botniahiem komt in ynformaasjejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)