Wâldhúske: seis famyljes oer

23 feb 2002 - 00:00

Der binne noch seis famyljes yn 'e race om in pear nachten yn it Wâldhúske yn it iepenloftmuseum yn Arnhem troch te bringen. It wâldhúske wurdt ein maart offisjeel iepensteld foar it publyk.

It museum wol it publyk dan sjen litte hoe't in grutte famylje in ieu lyn libbe yn sa'n lyts húske. 130 gesinnen mei mear as 5 bern ha har oanmelden. Dêrfan binne no dus noch mar 6 gesinnen oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)