Wâldhúske op skoalplein

17 sep 2008 - 19:58

De Montessoriskoalle yn Drachten hat sûnt koart in lytse ferzje fan it wâldhúske út Houtigehage op it skoalplein. De skoalle hat it húske krigen fan wenningbouferiening Accolade. Dy hie in lesprogramma opset wêryn´t bern yn it wâldhúske sjen koene. Dêr krige se dan les oer hoe´t it libben der 100 jier ferlyn útseach. In skoftke letter moasten se in fragelist ynfolje oer datselde ûnderwerp. De skoalle dy´t dat it bêste die, krige it húske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)