Wâldgieltsje wer yn 'e winkel

24 jul 2009 - 14:36
  • It wâldgieltsje is neffens kenners net samar in jirpel

De Wâldgieltsjes komme werom yn de winkel. De jirpelsoarte út de Wâlden bestie eins net mear, mar is sûnt koart wer werom te finen yn de Fryske grûn. Mar wolle jo wâldgieltsjes ite, dan moatte je der wol fluch by wêze.

De jirpel wurdt mar op ien bunder grûn ferboud, dat in soad jirpels smyt dat net op. It werombringen fan it wâldgieltsje is mei te tankjen oan de stifting Wâldfrucht dy't him ynset foar it ferbouwen en promoatsjen fan streekprodukten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)