Wâlden gefaarlik foar kij

29 jul 2009 - 15:22
  • Kij yn Wâlden wurde faakst troffen troch wjerljocht

De kâns dat kij troffen wurde troch wjerljocht is it grutst yn de Noardlike Fryske Wâlden. Dat docht bliken út sifers fan de stifting Floron yn Leiden. Dizze stifting hat útsocht dat alle jierren sa'n 100 kij troffen wurde, foaral as se skûlje ûnder swarte elzen. Dy beammen binne it meast gefoelich foar it wjerljocht.

De measte elzesingels binne yn de Fryske Wâlden te finen. Neffens de stifting stiet der meielkoar 3000 kilometer fan sokke singels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)