Wâldbeantsjes masinaal rispe

06 sep 2010 - 20:23
  • Giele Wâldbeantsjes en Reade Krobben op in stik lân yn Kollumersweach

Giele Wâldbeantsjes en Reade Krobben wurde tenei masinaal rispe. No bart dat noch mei de hân. De beantsjes út De Wâlden wurde hieltyd populêrder.

Om't it rispjen mei de hân in soad tiid kostet, leit de kilopriis aardich heech. Dy kin yn de takomst mooglik nei ûnderen ta as de beantsjes mei masines fan it lân helle wurde. De beantsjes binne produkten fan de Stichting Wrâldfrucht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)