Wâldbeantsjebokaal nei Langwar

23 feb 2013 - 15:23
  • It wâldbeantsje yn droege foarm

De Troefmarkt fan Langwar is sneon winner wurden fan de Wâldbeantsjebokaal 2013. Dat is in priis fan de stifting Wrâldfrucht foar de supermerk dy't de ferkeap fan wâldbeantstjes it bêste promoat. De Langwarder supermerk docht dat neffens in sjuery yn de meast autentike foarm. Klanten kinne yn de winkel beantsjes priuwe mei sipels en spek derby. PvdA-keamerlid Lutz Jacobi hat de bokaal oerlange oan supermerk-ûndernimmer Karin Ponne fan de Troefmarkt. Tsien Fryske supermerken hawwe meidien oan de aksje 'Bêste promotor fan it Wâldbeantsje 2013'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)